Lines Matching refs:te

11 Yn betinken nommen dat it fan it grutste belang is dat de rjochten fan de minske beskerme wurde, troch de suppremaasje fan it rjocht, dat de minske net twongen wurde mei om yn lêste ynstânsje syn taflecht te nimmen ta opstân tsjin tyranny en ûnderdrukking;
13 Yn betinken nommen dat it fan it grutste belang is de ûntjouwing fan freonskiplike betrekkings tusken de naasjes fuort te sterkjen;
15 Yn betinken nommen dat de folken fan 'e Feriene Naasjes yn it Hânfest har betrouwen yn 'e fûnemintele rjochten fan 'e minske, yn de weardichheid en de wearde fan 'e minske en yn de gelikense rjochten fan manlju en froulju op 'e nij befestige hawwe, en besletten hawwe sosjale foarútgong en in hegere libbensstandert yn grutter frijheid te befoarderjen;
17 Yn betinken nommen dat de steaten, dy't lid binne fan 'e Feriene Naasjes plechtich tasein hawwe om yn gearwurking mei de organisaasjes fan 'e Feriene Naasjes, rûnom de earbied foar en it ynachtnimmen fan 'e rjochten fan 'e minske en de fûnemintele frijheid te befoarderjen;
21 Dêrom proklamearret de Algemiene Gearkomste dizze Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske as it mienskiplik troch alle folken en naasjes te berikken ideaal, mei it doel dat elk yndividu en elk orgaan fan 'e mienskip mei dizze Ferklearring hieltyd foar eagen, der nei stribje sil om troch ûnderwiis en opfieding de earbied foar dy rjochten en frijheden te befoarderjen en troch foarútstribjende maatregels, nasjonaal en ynternasjonaal, dy rjochten algemien en echt erkenne en tapasse te litten, likegoed ûnder de folken fan steaten dy't lid fan 'e Feriene Naasjes binne, as ûnder de folken fan gebieten ûnder har jurisdiksje:
24 Alle minsken wurde frij en gelyk yn weardigens en rjochten berne. Hja hawwe ferstân en gewisse meikrigen en hearre har foar inoar oer yn in geast fan bruorskip te hâlden en te dragen.
41 Elk hat, wêr't er ek is, it rjocht om as persoan erkend te wurden foar de wet.
56 1. Elk dy't foar in strafber feit ferfolge wurdt, hat der rjocht op om foar ûnskuldich hâlden te wurden oant syn skuld út krêft fan 'e wet bewiisd wurdt yn in iepenbiere terjochtsitting dêr't him alle waarboargen, nedich foar syn ferdigening, by takend binne.
64 1. Elk hat it rjocht om him frij te ferpleatsen en te ferbliuwen binnen de grinzen fan elke steat.
66 2. Elk hat it rjocht om elk lân, syn eigen ynbegrepen, te ferlitten en yn syn lân werom te kommen.
69 1. Elk hat it rjocht om yn oare lannen asyl te freegjen en te hawwen tsjin ferfolging.
76 2. Nimmen mei eigenwillich syn nasjonaliteit ûntnommen wurde, noch it rjocht ûntsein wurde fan nasjonaliteit te feroarjen.
79 1. Sûnder ien of oare beheining op grûn fan ras, nasjonaliteit of godstsjinst hawwe manlju en froulju as se de jierren dêrta hawwe it rjocht om te trouwen en in gesin te stichtsjen. Hja hawwe gelikense rjochten wat trouwen oanbelanget, yn har trouwen en by de ûntbining dêrfan.
91 Elk hat rjocht op frijheid fan tinken, gewisse en godstsjinst; dat rjocht hâldt teffens de frijheid yn om fan godstsjinst of oertsjûging te feroarjen, en de frijheid om òf allinne òf yn 'e mande mei oaren sawol yn it iepenbier as yn it partikuliere libben, foar syn godstsjinst of oertsjûging út te kommen troch dy te ûnderwizen, troch it praktysk tapassen, troch earetsjinst en it ûnderhâlden fan geboaden en foarskriften.
94 Elk hat rjocht op frijheid fan miening en mieningsutering. Dat rjocht hâldt de frijheid yn om sûnder ynminging in miening te hawwen en om troch alle middels en sûnder grinzen acht te slaan, ynljochtings en tinkbylden op te spoaren, te ûntfangen en troch te jaan.
99 2. Nimmen mei twongen wurde om by in feriening te hearren.
102 1. Elk hat it rjocht om diel te nimmen oan it bestjoer fan syn lân, streekrjocht of troch frij keazen fertsjintwurdigers.
104 2. Elk hat it rjocht om op foet fan gelikensens talitten te wurden ta de oerheidstsjinsten fan syn lân.
118 4. Elk hat it rjocht om fakferienings op te rjochtsjen en him dêr by oan te sluten om syn belangen te beskermjen.
133 3. Oan de âlden komt yn it foarste plak it rjocht ta de soarte fan opfieding en ûnderwiis te kiezen dy't harren bern jûn wurde sil.
136 1. Elk hat it rjocht yn alle frijens diel te nimmen oan it kulturele libben fan 'e mienskip, te genietsjen fan keunst en diel te hawwen oan wittenskiplike foarútgong en de fruchten dêrfan.
146 2. Yn it útoefenjen fan syn rjochten en frijheden sil elk allinne mar ûnderwurpen wêze oan dy beheinings dy't by de wet fêststeld binne en wol inkeld en allinne foar de ûnmisbere erkenning en earbiediging fan 'e rjochten en frijheden fan oaren en om te foldwaan oan de rjochtfeardige easken fan 'e moraliteit, iepenbiere oarder en it algemien wolwêzen yn in demokratyske mienskip.
151 Gjin bepaling yn dizze ferklearring sil sa útlein wurde meie, dat hokker steat, groep of persoan dan ek dêr ek mar ien of oar rjocht oan ûntliene kin om eat te ûndernimmen of hanlingen fan hokker aard ek te ferrjochtsjen dy't it ferneatigjen fan ien fan 'e rjochten en frijheden neamd yn dizze ferklearring, ta doel hawwe.