Lines Matching refs:op

4 Universele ferklearring fan de rjochten fan de minske, proklamearre op 10 desimber 1948 troch de Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes.
15 Yn betinken nommen dat de folken fan 'e Feriene Naasjes yn it Hânfest har betrouwen yn 'e fûnemintele rjochten fan 'e minske, yn de weardichheid en de wearde fan 'e minske en yn de gelikense rjochten fan manlju en froulju op 'e nij befestige hawwe, en besletten hawwe sosjale foarútgong en in hegere libbensstandert yn grutter frijheid te befoarderjen;
27 Elk hat oanspraak op alle rjochten en frijheden yn dizze Ferklearring opneamd, sûnder hokker ûnderskie ek mar lykas ras, kleur, slachte, taal, godstsjinst, politike of oare oertsjûging, nasjonaal of maatskiplik komôf, eigendom, berte of oare status.
32 Elk hat rjocht op libben, frijheid en ûnskeinberens fan syn persoan.
44 Elkenien is gelyk foar de wet en hat sûnder ûnderskied oanspraak op gelikense beskerming troch de wet. Elk hat rjocht op gelikense beskerming tsjin elke efterstelling yn striid mei dizze Ferklearring en tsjin elke oantrún ta sa'n efterstelling.
47 Elk hat rjocht op doeltreffende rjochtshelp fan foechhawwende nasjonale rjochtlike ynstânsjes tsjin hanlingen dy't yn striid binne mei de grûnrjochten him takend by grûnwet of wet.
53 Elk foar oar hat rjocht op in earlike en iepenbiere behanling fan syn saak troch in ûnôfhinklike en ûnpartidige rjochtlike ynstânsje by it fêststellen fan syn rjochten en ferplichtings en by it bepalen fan it grûndearre wêzen fan in tsjin him ynstelde strafferfolging.
56 1. Elk dy't foar in strafber feit ferfolge wurdt, hat der rjocht op om foar ûnskuldich hâlden te wurden oant syn skuld út krêft fan 'e wet bewiisd wurdt yn in iepenbiere terjochtsitting dêr't him alle waarboargen, nedich foar syn ferdigening, by takend binne.
58 2. Nimmen sil foar skuldich hâlden wurde oan hokfoar strafrjochtlik fergryp ek op grûn fan hokker hanling of fersom ek dat neffens nasjonaal of ynternasjonaal rjocht gjin strafrjochtlik fergryp betsjutte op it stuit dat dy hanling of dat fersom begien waard. Likemin sil in swierdere straf oplein wurde as de straf dy't fan tapassing wie op it stuit dat it strafbere feit begien waard.
61 Nimmen sil ûnderwurpen wurde oan oarmans eigenwillich ynmingen yn syn persoanlike oangelegenheden, yn syn húshâlding, syn thús of syn briefwiksel, noch ien of oare oantaasting fan syn eare of goede namme. Elk hat rjocht op beskerming troch de wet tsjin sok ymningen of oantaasten.
74 1. Elk hat rjocht op in nasjonaliteit.
79 1. Sûnder ien of oare beheining op grûn fan ras, nasjonaliteit of godstsjinst hawwe manlju en froulju as se de jierren dêrta hawwe it rjocht om te trouwen en in gesin te stichtsjen. Hja hawwe gelikense rjochten wat trouwen oanbelanget, yn har trouwen en by de ûntbining dêrfan.
83 3. lt gesin is de natuerlike en fûnemintele groepsienheid fan 'e maatskippij en hat rjocht op beskerming troch de maatskippij en de steat.
86 1. Elk hat rjocht op eigendom, itsij allinne, itsij yn 'e mande mei oaren.
91 Elk hat rjocht op frijheid fan tinken, gewisse en godstsjinst; dat rjocht hâldt teffens de frijheid yn om fan godstsjinst of oertsjûging te feroarjen, en de frijheid om òf allinne òf yn 'e mande mei oaren sawol yn it iepenbier as yn it partikuliere libben, foar syn godstsjinst of oertsjûging út te kommen troch dy te ûnderwizen, troch it praktysk tapassen, troch earetsjinst en it ûnderhâlden fan geboaden en foarskriften.
94 Elk hat rjocht op frijheid fan miening en mieningsutering. Dat rjocht hâldt de frijheid yn om sûnder ynminging in miening te hawwen en om troch alle middels en sûnder grinzen acht te slaan, ynljochtings en tinkbylden op te spoaren, te ûntfangen en troch te jaan.
97 1. Elk hat rjocht op frijheid fan freedsume feriening en gearkomste.
104 2. Elk hat it rjocht om op foet fan gelikensens talitten te wurden ta de oerheidstsjinsten fan syn lân.
109 Elk hat as lid fan 'e mienskip rjocht op maatskiplike wissigens en hat der oanspraak op dat troch nasjonale ynspanning en ynternasjonale gearwurking, en yn oerienstimming mei de organisaasje en de helpboarnen fan 'e oanbelangjende steat, de ekonomyske, sosjale en kulturele rjochten dy 't ûnmisber binne foar syn weardichheid en foar it frij ûntploaien fan syn persoanlikheid, ferwêzentlike wurde.
112 1. Elk hat rjocht op wurk, op frije kar fan berop, op rjochtrnjittige en geunstige arbeids-betingsten en op beskerming tsjin wurkleazens.
114 2. Elk hat, sûnder ien of oare benefterstelling, rjocht op itselde lean foar itselde wurk.
116 3. Elk dy't wurk docht, hat rjocht op in rjochtfeardige en geunstige beleanning dy't him en syn húshâlding in minskweardich bestean mooglik makket; dy beleanning sil sa nedich mei oare middels fan sosjale beskerming oanfolle wurde.
118 4. Elk hat it rjocht om fakferienings op te rjochtsjen en him dêr by oan te sluten om syn belangen te beskermjen.
121 Elk hat rjocht op rêst en frije tiid, mei ynbegryp fan in ridlike beheining fan 'e arbeidstiid en periodike fakânsjes mei behâld fan lean.
124 1. Elk hat rjocht op in libbensstandert dy't heech genôch is foar de sûnens en it wolwêzen fan himsels en syn húshâlding, dêrûnder begrepen iten, klean, húsfesting en medyske fersoarging en needsaaklike sosjale tsjinsten en rjocht op foarsjenning yn gefal fan wurkleazens, sykte, ynvaliditeit, ferstjerren fan 'e oare helte, âlderdom of in oar gemis oan besteansmiddels troch omstannichheden bûten syn wil.
126 2. Mern en bern hawwe rjocht op bysûndere soarch en bystân. Alle bern, al of net wetlik, sille ûnder deselde sosjale beskerming falle.
129 1. Elk hat rjocht op ûnderwiis; it ûnderwiis sil fergees wêze, teminsten wat it leger en basisûnderwiis oanbelanget. It leger ûnderwiis sil ferplichte wêze. Beropsûnderwiis en beropsoplieding sille algemien beskikber steld wurde. Heger ûnderwiis sil lykop iepenstean foar elk, dy't dêr de kapasiteiten foar hat.
131 2. It ûnderwiis sil rjochte wêze op it folút ûntwikkeljen fan 'e minsklike persoanlikheid en op it fersterkjen fan 'e earbied foar de rjochten fan 'e minske en de fûnemintele frijheden. lt sil it begryp, de ferdraachsumens en de freonskip ûnder alle naasjes, rassen of godstsjinstige groepen befoarderje en it sil it wurk fan 'e Feriene Naasjes foar it hanthavenjen fan 'e frede stypje.
138 2. Elk hat rjocht op 'e beskerming fan geastlike en materiële belangen dy't fuortkomme út in wittenskiplik, letterkundich of artistyk wurk dat er fuortbrocht hat.
141 Elk hat rjocht op it bestean fan sa'n maatskiplike en ynternasjonale oarder, dat de rjochten en frijheden neamd yn dizze ferklearring, dêr folslein yn ferwêzentlike wurde kinne.