Lines Matching refs:in

9 Yn betinken nommen dat it oan 'e kant skowen en lytsachtsjen fan 'e rjochten fan 'e minske laat hawwe ta barbaarske dieden, dy't it gewisse fan it minskdorn faksearre hawwe en dat de komst fan in wrâld dêr't minsken frijheid fan mieningsutering en leauwe barre mei, en hja frij wêze sille fan eangst en ferlet, ferkundige is as it heechste ideaal fan elk minske;
15 Yn betinken nommen dat de folken fan 'e Feriene Naasjes yn it Hânfest har betrouwen yn 'e fûnemintele rjochten fan 'e minske, yn de weardichheid en de wearde fan 'e minske en yn de gelikense rjochten fan manlju en froulju op 'e nij befestige hawwe, en besletten hawwe sosjale foarútgong en in hegere libbensstandert yn grutter frijheid te befoarderjen;
19 Yn betinken nommen dat it fan it grutste belang is foar it folslein útfieren fan dy oerienkomst dat elkenien in goed begryp hat fan dy rjochten en frijheden;
24 Alle minsken wurde frij en gelyk yn weardigens en rjochten berne. Hja hawwe ferstân en gewisse meikrigen en hearre har foar inoar oer yn in geast fan bruorskip te hâlden en te dragen.
29 Fierder sil gjin ûnderskie makke wurde nei politike, juridyske of ynternasjonale status fan it lân of gebiet, dêr't immen ta heart, likefolle as it om in ûnôfhinklik, trust- of net selsbestjoerend gebiet giet of as der in oare beheining fan 'e sûvereiniteit bestiet.
38 Nimmen sil ûnderwurpen wurde oan folteringen, noch oan in wrede, ûnminslike of ûntearjende behanneling of bestraffing.
53 Elk foar oar hat rjocht op in earlike en iepenbiere behanling fan syn saak troch in ûnôfhinklike en ûnpartidige rjochtlike ynstânsje by it fêststellen fan syn rjochten en ferplichtings en by it bepalen fan it grûndearre wêzen fan in tsjin him ynstelde strafferfolging.
56 1. Elk dy't foar in strafber feit ferfolge wurdt, hat der rjocht op om foar ûnskuldich hâlden te wurden oant syn skuld út krêft fan 'e wet bewiisd wurdt yn in iepenbiere terjochtsitting dêr't him alle waarboargen, nedich foar syn ferdigening, by takend binne.
58 2. Nimmen sil foar skuldich hâlden wurde oan hokfoar strafrjochtlik fergryp ek op grûn fan hokker hanling of fersom ek dat neffens nasjonaal of ynternasjonaal rjocht gjin strafrjochtlik fergryp betsjutte op it stuit dat dy hanling of dat fersom begien waard. Likemin sil in swierdere straf oplein wurde as de straf dy't fan tapassing wie op it stuit dat it strafbere feit begien waard.
74 1. Elk hat rjocht op in nasjonaliteit.
79 1. Sûnder ien of oare beheining op grûn fan ras, nasjonaliteit of godstsjinst hawwe manlju en froulju as se de jierren dêrta hawwe it rjocht om te trouwen en in gesin te stichtsjen. Hja hawwe gelikense rjochten wat trouwen oanbelanget, yn har trouwen en by de ûntbining dêrfan.
94 Elk hat rjocht op frijheid fan miening en mieningsutering. Dat rjocht hâldt de frijheid yn om sûnder ynminging in miening te hawwen en om troch alle middels en sûnder grinzen acht te slaan, ynljochtings en tinkbylden op te spoaren, te ûntfangen en troch te jaan.
99 2. Nimmen mei twongen wurde om by in feriening te hearren.
106 3. De wil fan it folk sil de grûnslach wêze fan it gesach fan it regear; dy wil sil ta utering komme yn periodike en earlike ferkiezings dy't hâlden wurde sille út krêft fan algemien en lykweardich kiesrjocht en by geheime stimmings of neffens in proseduere dy't krektlikegoed boarch stiet foar de frijheid fan stimmen.
116 3. Elk dy't wurk docht, hat rjocht op in rjochtfeardige en geunstige beleanning dy't him en syn húshâlding in minskweardich bestean mooglik makket; dy beleanning sil sa nedich mei oare middels fan sosjale beskerming oanfolle wurde.
121 Elk hat rjocht op rêst en frije tiid, mei ynbegryp fan in ridlike beheining fan 'e arbeidstiid en periodike fakânsjes mei behâld fan lean.
124 1. Elk hat rjocht op in libbensstandert dy't heech genôch is foar de sûnens en it wolwêzen fan himsels en syn húshâlding, dêrûnder begrepen iten, klean, húsfesting en medyske fersoarging en needsaaklike sosjale tsjinsten en rjocht op foarsjenning yn gefal fan wurkleazens, sykte, ynvaliditeit, ferstjerren fan 'e oare helte, âlderdom of in oar gemis oan besteansmiddels troch omstannichheden bûten syn wil.
138 2. Elk hat rjocht op 'e beskerming fan geastlike en materiële belangen dy't fuortkomme út in wittenskiplik, letterkundich of artistyk wurk dat er fuortbrocht hat.
146 2. Yn it útoefenjen fan syn rjochten en frijheden sil elk allinne mar ûnderwurpen wêze oan dy beheinings dy't by de wet fêststeld binne en wol inkeld en allinne foar de ûnmisbere erkenning en earbiediging fan 'e rjochten en frijheden fan oaren en om te foldwaan oan de rjochtfeardige easken fan 'e moraliteit, iepenbiere oarder en it algemien wolwêzen yn in demokratyske mienskip.