Lines Matching refs:e

4 Universele ferklearring fan de rjochten fan de minske, proklamearre op 10 desimber 1948 troch de Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes.
7 Yn betinken nommen dat it erkennen fan de ynherinte weardichheid en fan de gelikense en ûnferfrjemdbere rjochten fan alle leden fan de minskemienskip grûnslach is foar de frijheid, rjochtfeardigens en frede yn 'e wrâld;
9 Yn betinken nommen dat it oan 'e kant skowen en lytsachtsjen fan 'e rjochten fan 'e minske laat hawwe ta barbaarske dieden, dy't it gewisse fan it minskdorn faksearre hawwe en dat de komst fan in wrâld dêr't minsken frijheid fan mieningsutering en leauwe barre mei, en hja frij wêze sille fan eangst en ferlet, ferkundige is as it heechste ideaal fan elk minske;
15 Yn betinken nommen dat de folken fan 'e Feriene Naasjes yn it Hânfest har betrouwen yn 'e fûnemintele rjochten fan 'e minske, yn de weardichheid en de wearde fan 'e minske en yn de gelikense rjochten fan manlju en froulju op 'e nij befestige hawwe, en besletten hawwe sosjale foarútgong en in hegere libbensstandert yn grutter frijheid te befoarderjen;
17 Yn betinken nommen dat de steaten, dy't lid binne fan 'e Feriene Naasjes plechtich tasein hawwe om yn gearwurking mei de organisaasjes fan 'e Feriene Naasjes, rûnom de earbied foar en it ynachtnimmen fan 'e rjochten fan 'e minske en de fûnemintele frijheid te befoarderjen;
21 Dêrom proklamearret de Algemiene Gearkomste dizze Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske as it mienskiplik troch alle folken en naasjes te berikken ideaal, mei it doel dat elk yndividu en elk orgaan fan 'e mienskip mei dizze Ferklearring hieltyd foar eagen, der nei stribje sil om troch ûnderwiis en opfieding de earbied foar dy rjochten en frijheden te befoarderjen en troch foarútstribjende maatregels, nasjonaal en ynternasjonaal, dy rjochten algemien en echt erkenne en tapasse te litten, likegoed ûnder de folken fan steaten dy't lid fan 'e Feriene Naasjes binne, as ûnder de folken fan gebieten ûnder har jurisdiksje:
29 Fierder sil gjin ûnderskie makke wurde nei politike, juridyske of ynternasjonale status fan it lân of gebiet, dêr't immen ta heart, likefolle as it om in ûnôfhinklik, trust- of net selsbestjoerend gebiet giet of as der in oare beheining fan 'e sûvereiniteit bestiet.
56 1. Elk dy't foar in strafber feit ferfolge wurdt, hat der rjocht op om foar ûnskuldich hâlden te wurden oant syn skuld út krêft fan 'e wet bewiisd wurdt yn in iepenbiere terjochtsitting dêr't him alle waarboargen, nedich foar syn ferdigening, by takend binne.
71 2. Op dat rjocht kin gjin berop dien wurde yn gefal fan strafferfolgings fanwegen misdriuwen fan net-politike aard of hanlings yn striid mei de doelen en begjinsels fan 'e Feriene Naasjes.
83 3. lt gesin is de natuerlike en fûnemintele groepsienheid fan 'e maatskippij en hat rjocht op beskerming troch de maatskippij en de steat.
86 1. Elk hat rjocht op eigendom, itsij allinne, itsij yn 'e mande mei oaren.
91 Elk hat rjocht op frijheid fan tinken, gewisse en godstsjinst; dat rjocht hâldt teffens de frijheid yn om fan godstsjinst of oertsjûging te feroarjen, en de frijheid om òf allinne òf yn 'e mande mei oaren sawol yn it iepenbier as yn it partikuliere libben, foar syn godstsjinst of oertsjûging út te kommen troch dy te ûnderwizen, troch it praktysk tapassen, troch earetsjinst en it ûnderhâlden fan geboaden en foarskriften.
109 Elk hat as lid fan 'e mienskip rjocht op maatskiplike wissigens en hat der oanspraak op dat troch nasjonale ynspanning en ynternasjonale gearwurking, en yn oerienstimming mei de organisaasje en de helpboarnen fan 'e oanbelangjende steat, de ekonomyske, sosjale en kulturele rjochten dy 't ûnmisber binne foar syn weardichheid en foar it frij ûntploaien fan syn persoanlikheid, ferwêzentlike wurde.
121 Elk hat rjocht op rêst en frije tiid, mei ynbegryp fan in ridlike beheining fan 'e arbeidstiid en periodike fakânsjes mei behâld fan lean.
124 1. Elk hat rjocht op in libbensstandert dy't heech genôch is foar de sûnens en it wolwêzen fan himsels en syn húshâlding, dêrûnder begrepen iten, klean, húsfesting en medyske fersoarging en needsaaklike sosjale tsjinsten en rjocht op foarsjenning yn gefal fan wurkleazens, sykte, ynvaliditeit, ferstjerren fan 'e oare helte, âlderdom of in oar gemis oan besteansmiddels troch omstannichheden bûten syn wil.
131 2. It ûnderwiis sil rjochte wêze op it folút ûntwikkeljen fan 'e minsklike persoanlikheid en op it fersterkjen fan 'e earbied foar de rjochten fan 'e minske en de fûnemintele frijheden. lt sil it begryp, de ferdraachsumens en de freonskip ûnder alle naasjes, rassen of godstsjinstige groepen befoarderje en it sil it wurk fan 'e Feriene Naasjes foar it hanthavenjen fan 'e frede stypje.
136 1. Elk hat it rjocht yn alle frijens diel te nimmen oan it kulturele libben fan 'e mienskip, te genietsjen fan keunst en diel te hawwen oan wittenskiplike foarútgong en de fruchten dêrfan.
138 2. Elk hat rjocht op 'e beskerming fan geastlike en materiële belangen dy't fuortkomme út in wittenskiplik, letterkundich of artistyk wurk dat er fuortbrocht hat.
146 2. Yn it útoefenjen fan syn rjochten en frijheden sil elk allinne mar ûnderwurpen wêze oan dy beheinings dy't by de wet fêststeld binne en wol inkeld en allinne foar de ûnmisbere erkenning en earbiediging fan 'e rjochten en frijheden fan oaren en om te foldwaan oan de rjochtfeardige easken fan 'e moraliteit, iepenbiere oarder en it algemien wolwêzen yn in demokratyske mienskip.
148 3. Dy rjochten en frijheden meie yn gjin gefal útoefene wurde yn striid mei de doelen en begjinsels fan 'e Feriene Naasjes.
151 Gjin bepaling yn dizze ferklearring sil sa útlein wurde meie, dat hokker steat, groep of persoan dan ek dêr ek mar ien of oar rjocht oan ûntliene kin om eat te ûndernimmen of hanlingen fan hokker aard ek te ferrjochtsjen dy't it ferneatigjen fan ien fan 'e rjochten en frijheden neamd yn dizze ferklearring, ta doel hawwe.