Lines Matching refs:as

9 Yn betinken nommen dat it oan 'e kant skowen en lytsachtsjen fan 'e rjochten fan 'e minske laat hawwe ta barbaarske dieden, dy't it gewisse fan it minskdorn faksearre hawwe en dat de komst fan in wrâld dêr't minsken frijheid fan mieningsutering en leauwe barre mei, en hja frij wêze sille fan eangst en ferlet, ferkundige is as it heechste ideaal fan elk minske;
21 Dêrom proklamearret de Algemiene Gearkomste dizze Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske as it mienskiplik troch alle folken en naasjes te berikken ideaal, mei it doel dat elk yndividu en elk orgaan fan 'e mienskip mei dizze Ferklearring hieltyd foar eagen, der nei stribje sil om troch ûnderwiis en opfieding de earbied foar dy rjochten en frijheden te befoarderjen en troch foarútstribjende maatregels, nasjonaal en ynternasjonaal, dy rjochten algemien en echt erkenne en tapasse te litten, likegoed ûnder de folken fan steaten dy't lid fan 'e Feriene Naasjes binne, as ûnder de folken fan gebieten ûnder har jurisdiksje:
29 Fierder sil gjin ûnderskie makke wurde nei politike, juridyske of ynternasjonale status fan it lân of gebiet, dêr't immen ta heart, likefolle as it om in ûnôfhinklik, trust- of net selsbestjoerend gebiet giet of as der in oare beheining fan 'e sûvereiniteit bestiet.
41 Elk hat, wêr't er ek is, it rjocht om as persoan erkend te wurden foar de wet.
58 2. Nimmen sil foar skuldich hâlden wurde oan hokfoar strafrjochtlik fergryp ek op grûn fan hokker hanling of fersom ek dat neffens nasjonaal of ynternasjonaal rjocht gjin strafrjochtlik fergryp betsjutte op it stuit dat dy hanling of dat fersom begien waard. Likemin sil in swierdere straf oplein wurde as de straf dy't fan tapassing wie op it stuit dat it strafbere feit begien waard.
79 1. Sûnder ien of oare beheining op grûn fan ras, nasjonaliteit of godstsjinst hawwe manlju en froulju as se de jierren dêrta hawwe it rjocht om te trouwen en in gesin te stichtsjen. Hja hawwe gelikense rjochten wat trouwen oanbelanget, yn har trouwen en by de ûntbining dêrfan.
91 Elk hat rjocht op frijheid fan tinken, gewisse en godstsjinst; dat rjocht hâldt teffens de frijheid yn om fan godstsjinst of oertsjûging te feroarjen, en de frijheid om òf allinne òf yn 'e mande mei oaren sawol yn it iepenbier as yn it partikuliere libben, foar syn godstsjinst of oertsjûging út te kommen troch dy te ûnderwizen, troch it praktysk tapassen, troch earetsjinst en it ûnderhâlden fan geboaden en foarskriften.
109 Elk hat as lid fan 'e mienskip rjocht op maatskiplike wissigens en hat der oanspraak op dat troch nasjonale ynspanning en ynternasjonale gearwurking, en yn oerienstimming mei de organisaasje en de helpboarnen fan 'e oanbelangjende steat, de ekonomyske, sosjale en kulturele rjochten dy 't ûnmisber binne foar syn weardichheid en foar it frij ûntploaien fan syn persoanlikheid, ferwêzentlike wurde.